Moasje Frjemd oangeande ynfieren beliedsrigel pré-mantelsoarchwenningen
Fannemoarn om klokslach 10.00 oere kaam der fia de NOS berjocht weryn dat ús wen-minister Keijzer oanjout dat hjoed in wetsfoarstel yntsjinne wurdt wer yn u.ô stiet dat it makliker wurdt om op it eigen hiem in wenning te bouwen foar bêrn of âldeljû, teminsten..., at jo de romte hawwe.
Op dit stuit mei der, ûnder betingst, fergunningfrij in mantelsoarchwenning bouwd wurde, at jo mar oantoane kinnen dat der sprake is fan soarch. Sadree at dizze mantelsoarch stoppet, mei der oan’t no ta net mear yn wenne wurde.
Derneist hat foarmalich minister Hugo de Jonge ferliene jier al in wetsfoarstel yntsjinne om gemeenten op te lizzen om foldwaande betelbere wenningen te bouwen. Hoe spitich…dit foarstel bleaf op de planke lizzen. Minister Keijzer wol dit no dochs wer oppakke en sjocht kânsen foar de regio. Dit op lanlik nivo…
No oer nei ús eigen gemeente Waadhoeke:
Wy hearre en sjogge rûnom yn ús gemeente dat de fraach nei mantelsoarchwenningen, mar ék de fraach nei betelbere lytsere húzen tanimt. Foar ús jeugd is it dreech om oan wenromte te kommen, mar ek foar ús âlderein is it in poepetoer om oan in levensloopbestendige wenning te kommen.
Dat moat wy ek oanpakke yn Waadhoeke seine wy, want der is nó noch gjin belied oer.
Derom hawwe wy mei SAM, FNP en Gemeentebelangen de koppen byinoar stutsen om dit ek yn ús eigen gemeente stalt te jaan.
Sawol lanlik, mar ek tichtby, want yn Fryslân, binne der al in 4-tal gemeentes (Noardeast Fryslân, Achtkarspelen, Opsterlân en De Fryske Marren) dy’t in beliedsrigel Pré-mantelsoarchwenningen ynfierd hawwe. Foarbylden te oer, net moeilik dwaan at it maklik kin.
Foardielen foar it ynfieren fan dizze beliedsrigel yn ús gemeente en dus ek foar har ynwenners binne:
In koartere fergunningsprosedure en minder burokratyske rompslomp
De soarchdruk beheine; ynwenners dy’t yn de takomst soarch nedich hawwe kinne langer yn har eigen omjouwing bliuwe (dit jout ferromming foar de proffesjonele soarch dy’t hannen én plak te min hawwe).
Foarâfgeand oan takomstige mantelsoarch kin earst ek oaren, sa as bygelyks bêrn, gebrûk meitsje fan dizze wenning
Effisjinter gebrûk meitsje fan de romte, ommers in pré-mantelsoarchwenning is faak in tydlike of modulaire oplossing op it hiem by in besteand hûs en soarget foar better gebrûk fan de besteande romte.
Mear trochstream op de wenningmerke; reguliere keap of hierwenten komme frij.
In betelbere wenoplossing dy’t finansjeel ek helber is foar in protte húshâldens yn ús gemeente en dernjonken in bydrage leverje kin oan de stygjende wenlesten en it tekoart oan bygelyks wenningen foar senioaren én jongeren.
En as lêste, mar net minder wichtich: it ynfieren fan dizze beliedsrigel kín alfêst in foarset wêse om aanst op te nimmen yn de wen-soarchfysje dy’t noch op poaten stiet.
Mei oare wurden:
It ynfieren fan in beliedsrigel pré-mantelsoarchwenningen is neffens ús in slimsloege set foar de soarch én de krappe wenningmerke tagelyk.
Mei minder rigeljouwing, in rappere prosedure én mear wenromte –kinne wy sa jong en âld, ek yn Waadhoeke, in bettere takomst biede op koarte termyn!
Dan gean ik no oer nei de moasje, dy’t riedsbreed yntsjinne wurdt, want neist Gemeentebelangen, SAM en FNP stypje ek de fraksjes fan VVD, CDA en CU dizze moasje!
Copyright foto: Kuiper mantelzorgwoningen